Skeel oer hinnen foar de Ried

© Omrop Fryslân
De Rie_fan_Steat besjocht tongersdei it skeel oer in pear hoannen yn Dronryp. In ynwenner hat safolle lêst fan it kraaien fan ´e hoannen dat er der siik fan wurdt. Hy wol dat de gemeente der wat oan docht. Dy wegeret dat.
De saak wie earder al by de rjochter. Dy hat de eask dat de buorman de hoannen fuortdwaan moast, ôfwiisd. Dy buorman hie al maatregels naam om it leven fan de hoannen te ferminderjen. No bûcht de Rie him oer de kwestje.