´Goed nivo rekkenûnderwiis´

Maarten Dolk ûndersocht nivo rekkenjen
De kwaliteit fan it rekkenûnderwiis yn Nederlân is goed, seit lektor Dolk fan Hegeskoalle Drinte. Yn ferliking mei oare lannen is it nivo hjir heech. Koartlyn kaam yn it nijs dat in fjirde part fan ´e basisskoallen yn Nederlân ûnder de mjitte prestearje.
Dêr is neffens it ûndersyk fan ´e hegeskoalle gjin sprake fan. Woansdei wie in regionale rekkendei by ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin. Der wiene sa´n 300 ûnderwizers oanwêzich.