Mear berne-opfang Suderbuorren

17 sep 2008 - 11:38

Der komt in nije lokaasje foar berne-opfang yn Suderbuorren yn Ljouwert. Op ´e lokaasje dy´t neist de C1000 boud wurdt, is plak foar fjouwer groepen yn ´e dei-opfang.

Der is al jierren tekoart oan plakken yn Suderbuorren. Ferline jier binne al nije plakken foar de bûtenskoalske opfang byboud, mar dat is te min. Noch 160 bern wachtsje op bûtenskoalske opfang en 200 bern op dei-opfang. De nije lokaasje sil de druk op de wachtlisten ferminderje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)