Aksje tsjin beropsbrânwacht

17 sep 2008 - 10:33

De brânwachtkorpsen fan Smellingerlân, Opsterlân en Tytsjerksteradiel sille gearwurkje. Se wolle foarkomme dat der ien provinsjale beropsbrânwacht komt. Dat wolle de provinsje en it Ryk. Boargemaster Middel fynt dat in beropsbrânwacht de provinsje net goed betsjinje kin en it is ek djoer.

No wurdt it wurk fan de brânwacht yn de provinsje, mei útsûndering fan it beropskorps yn Ljouwert, noch dien troch frijwilligers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)