Plysje pakt drugshanneler op

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat tiisdei op de Weaze in Ljouwerter (25) oanhâlden yn ferbân mei hannel yn harddrugs. It foel plysjeminsken op dat der hannele waard yn drugs. De fertochte waard dêrop kontrolearre, mar fersette him en treau doe fyftjin boltsjes yn ´e mûle.
In plysjeman koe foarkomme dat de Ljouwerter se trochslokte. It gie nei alle gedachten om kokaïne. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo.