Brede skoalle Snits fertrage

17 sep 2008 - 09:44

De brede skoalle yn de Snitser wyk Duinterpen sil net fuort nei de hjerstfakânsje yn gebrûk naam wurde kinne. De bou fan de skoalle foar tûzen learlingen is fertrage.

De oarsaken binne wethâlder Ekhart noch net helder. Dêr sil fan 'e wike oer praat wurde. Dan sil ek dúdlik wurde wannear't de bern nei de nije skoalle by de Lemmerdyk kinne. Wat foar gefolgen it hat foar de gebouwen dêr't de bern no yn sitte, is ek noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)