Gebouwen Parnas net geskikt

17 sep 2008 - 07:42

Der moat gau in oar plak komme foar de muzyklessen fan keunstsintrum Parnas yn Ljouwert. De gebouwen fan it sintrum binne net geskikt, om´t se net genoch isolearre binne tsjin lûdsoerlêst.

De gemeente Ljouwert hat trije jier lyn in soad jild yn de ferbettering fan de gebouwen fan Parnas stutsen. Mar dat wie net genôch, sa blykt út in evaluaasje. Mooglik biede de plannen foar in ´hûs fan kultuer´ yn it Ljouwerter Beursgebou in oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)