Harksit oven massaal besocht

soad minsken by harksit oer ôffaloven
As de nije ôffaloven fan Omrin yndie yn Harns komt, dan moat der jierliks mjitten wurde oft de omjouwing ek fersmoarget. Dat is ien fan de útkomsten fan de ynsprekjûn dy´t de provinsje tiisdeitejûn organisearre foar de takomstige omwenners fan ´e oven.
De harksit yn Harns waard massaal besocht. In pear hûndert tsjinstanners makken nochris har beswieren oer de reststofenerzjysintrale dúdlik oan ´e provinsje.