Ljouwert besparret jild

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert set it jild dat it besparret troch de gearwurking mei Boarnsterhim apart yn in potsje. Der wurde personielskosten besparre, trochdat de gemeenten guon taken fan inoar oernimme.
Dat jild, inkele tsientûzenen euro´s, wol Ljouwert ynvestearje yn de fierdere útwurking fan de gearwurking mei Boarnsterhim en oare gemeenten. It foldocht beide gemeenten goed om sa op te arbeidzjen. Foar de takomst wurdt in fúzje net útsluten.