Lûdswâl Winsum oerstallich

16 sep 2008 - 23:04
  • lûdswâl is oerstallich

De lûdswâl dy't ferline jier by Winsum oanlein is, wie hielendal net nedich west. Dy konklúzje lûkt de gemeente Littenseradiel nei in ûndersyk fan de waarnimmend gemeentesiktaris en de boargemaster. In nije amtner ûntduts dat der foar de ferwachte lûdsoerlêst wol frijstelling oanfrege wurde kind hie by de provinsje.

De flater moat oanlieding wurde foar in tinkomslach by de amtners, sadat der kritysker nei it eigen wurk en dat fan oaren sjoen wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)