Wetterlieding stikken Ljouwert

16 sep 2008 - 17:16

In stikkene wetterlieding hat tiisdei foar in soad wetteroerlêst soarge yn it sintrum fan Ljouwert. By de oanlis fan in elektrisiteitslieding, flakby it gebou fan de Ljouwerter Krante, waard by fersin de wetterlieding rekke.

Tûzenen liters wetter setten de strjitten splis. Pas nei´t de haadkraan ôfsletten wie, koe de saak reparearre wurde. Omwenners hawwe inkelde oeren sûnder wetter sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)