Harinxmaland foarbyldprojekt

16 sep 2008 - 12:26

De bou fan de nije wenwyk Harinxmaland yn Snits wurdt in foarbyldprojekt foar hiel Nederlân. Foar de bou fan de earste 60 enerzjysunige wenten ha de ûntwikkelders in heal miljoen euro subsydzje krigen fan it Ryk.

De wize wêrop it projekt betocht is en it enerzjysunige karakter binne redenen foar de subsydzje. Unyk oan de wyk is dat der gjin gebrûk makke wurdt fan gas. Ek de oare 1100 wenten dy´t boud wurde, krije troch dit ekstra jild enerzjysunige oanpassings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)