Popgroep Om ´e Noard hâldt op

Om 'e Noard
De Frysktalige folkpopgroep Om ´e Noard hâldt op te bestean. De band fynt dat it nei 20 jier moai west hat. Mei it útbringen fan trije cd´s, in hiphopopera en ferskate nûmers yn de Frysktalige top 100 fynt Om ´e Noard dat se har bydrage wol levere hat oan de Fryske popmuzyk.
Op 28 septimber is der in ôfskiedskonsert yn Oentsjerk. Dêr wurdt ek de nijste en dus lêste cd fan de band presintearre. De titel is Nova Zembla mei âlde en nije nûmers.