Soargen oer Caparis

16 sep 2008 - 09:44

De gemeenteried fan Smellingerlân makket him soargen oer de minne situaasje by wurkfoarsjenning Caparis. De organisaasje hat in miljoenetekoart. Der binne ek problemen mei de wachtlist. Dy is no santjin moanne foar in plak yn ´e organisaasje.

Neffens wethâlder Kuipers fan Smellingerlân wurdt dizze wike in plan presentearre om de problemen by Caparis oan te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)