Friezen nei Prinsjesdei

Tradysjes op Prinsjesdei
In bus fol Friezen is tiisdeitemoarn út Drachten wei nei Den_Haach ôfset om dêr Prinsjesdei mei te meitsjen. Se wurde dêr yn de stêd ôfset en moatte dan sels in plakje by de rûte lâns sykje.
Prinsjesdei lûkt altyd in soad minsken dy´t benammen belangstelling hawwe foar de rit fan de Keninginne yn de gouden koets. Dy tocht giet fan paleis Noordeinde nei de Ridderseal, dêr´t Beatrix de troanrede foarlêst.