Hearrenfean sûnder Janmaat

Janmaat is der tsjin Setúbal net by
SC Hearrenfean kin tongersdei yn de UEFA-cup wedstriid tsjin Vitória Setúbal net beskikke oer Daryl Janmaat. De rjochterferdigener foel freed tsjin Heracles Almelo foar de 3e kear út mei in ljiskblessuere. Hearrenfean lit de blessuere no ûndersykje.
Neffens fysioterapeut Erik ten Voorde hat Janmaat mear hersteltiid nedich. Hoelang't dat is hinget fan it ûndersyk ôf, sa lit Ten Voorde op de webside fan SC Hearrenfean witte.