Badeinen oer de hiele wrâld

De badeintsjes giene de hiele wrâld oer
Op it Nederlânsk Filmfestival yn Utrecht giet oer twa wike in film fan de Fryske keunstners Patrick_Goffre en Marga_Houtman út Warns yn premjêre. Se hawwe in film makke oer in kloft fan tûzenen badeintsjes. Dy driuwe sûnt 1992 oer de wrâldseeën neidat se oerboard fan in skip slein binne.
Houtman makke in grutte memme-ein en reizge dêrmei de oare badeintsjes achternei.