8500 wenten kinne ûnderstrûpe

© Omrop Fryslân
Der stean yn Fryslân oant en mei 2030 mear as 8500 nijbouwenten pland yn gebieten dy´t ûnderstrûpe by in dyktrochbraak. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan it Nederlands Instituut voor Ruimtelijke Ordering en Volkshuisvesting (Nirov). Lanlik giet it om in heal miljoen hûzen.
It Nirov makket har soargen om´t der net no al maatregels nommen wurde om dy wenten te beskermjen. Dat kin bygelyks troch driuwende wenten te meitsjen.