Plan foar houtenerzjysintrale

© Omrop Fryslân
Yn Achtkarspelen wurdt sjoen nei de bou fan in houtenerzjysintrale dy´t stookt wurdt mei snoeihout út de beamwallen fan de noardlike Fryske Wâlden. Yn Beetstersweach stiet al sa´n soarte fan houtkachel, dy´t dêr brûkt wurdt om gebouwen te ferwaarmjen.
It kolleezje fan boargemasters en wethâlders hat har noch net foar of tsjin in houtenerzjysintrale útlitten. Earst wurdt de gemeenterie frege wat se fan it plan fynt.