Keunstneils ferbean yn MCL

Kontrôle op hygiëne by personiel MCL
Persoaniel fan sikehûs MCL yn Ljouwert kin ynkoarten kontrôles ferwachtsje op saken lykas it dragen fan keunstneils, ringen en horloazjes. Dat stiet yn it ynterne meidielingsblêd fan it sikehûs. Soks mei net omdat it net hygiënysk is. Mar it bart wol, dus ûndernimt it sikehûs no aksje.
Keunstneils kinne bygelyks hiel maklik stikkengean. As dat bart, kinne mikro-organismen harren oan ´e skuorrâne hechtsje. Dat is net hygiënysk.