Al gau nije trainer Cambuur

Koolhof begrypt neat fan it beslút
Sportklub Cambuur wol binnen twa wiken in nije trainer presintearje. Snein waard bekend dat Cambuur Jurrie Koolhof per direkt op non-aktyf steld hat. De minne resultaten fan de ôfrûne pear wedstriden en it ôfrûne seizoen binne redenen om in ein te meitsjen oan de gearwurking. Ek soe de gemy misse.
Koolhof sels begrypt der neat fan. Dat de Ried fan Kommissarissen nei in pear minne wedstriden al sa´n beslút nimt, is panykfuotbal neffens Koolhof.