Jannick de Jong wint NK

Jannick de Jong (foto: Martin de Jong)
Jannick de Jong fan De Gordyk is op it iepen Nederlânsk kampioenskip speedway yn Lelystêd Nederlânsk kampioen wurden. De Jong hie dit seizoen alle wedstriden om it kampioenskip al wûn en waard yn Lelystêd twadde.
Dizze wedstriid mocht er ôflûke en sa waard er grandioas kampioen fan Nederlân. It is foar de fjirde kear dat Jannick de Jong op dit ûnderdiel kampioen wurdt.