Ketellapper wint Electrabelrun

14 sep 2008 - 17:44

De earste Electrabel-run oer tsien Ingelske milen is snein by de manlju wûn troch Martin Ketellapper út Ljouwert. Hy kaam oer de streek yn in tiid fan 55,58 en wie ien minút en 34 sekonden rapper as Stefan van der Pal, ek út Ljouwert.

By de froulju wie Yvonne Kassenberg út Burgum de rapste yn 1.08,56. Der wienen yn Burgum 379 dielnimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)