Dirk Fabriek tredde op WK

14 sep 2008 - 15:05

Motorkoereur Dirk Fabriek hat sneontejûn yn Vechta (Dútslân) brûns wûn op it WK gers- en langbaan. Hy is de earste Nederlanner op it poadium by it WK. Theo Pijper waard fyfde. Hy wûn wol de wedstriid en is nei Fabriek de twadde Nederlanner dy't dat ea die.

De titel gong nei de Dútser Gerd Riss. It sulver waard wûn troch Glen Philips út Ingelân. Hy hie mar ien puntsje mear as Dirk Fabriek. Troch dit resultaat pleatsten Fabriek en Pijper har foar it WK langbaan fan takom jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)