Unesco-ynspeksje Waadgebiet

© Omrop Fryslân
De ynspekteurs fan de Unesco-wrâldlist ha in goed byld krigen fan it Waadgebiet en binne entûsjast wer ôfset nei hûs. In delegaasje fan saakkundigen hat tsien dagen troch it Waadgebiet lutsen en ûndersocht oft it gebiet op de list thúsheart.
De kommende wiken wurdt in rapport opmakke. Oan de hân derfân wurdt yn desimber besjoen oft de Waadsee nominearre wurdt. Neffens de eksperts is it in unyk gebiet wat de natuer oanbelanget.