Snitser springt op plysje-auto
In 20-jierrige ynwenner fan Snits is sneintemoarn betiid yn syn wenplak oanhâlden foar it springen op in plysjeauto. De man waard op 'e died trapearre doe't de eigners fan de auto, twa surveillearjende plysjes, werom kamen fan har rûnte.
Tsjin de Snitser is proses-ferbaal opmakke. De plysje-auto rekke licht skansearre.