Mishanneling yn Berltsum

14 sep 2008 - 13:23

In 17-jierrige ynwenner fan Bitgummole is sneintemoarn betiid yn Berltsum oanholden foar mishanneling. De jonge hie yn de diskoteek dêr spul krigen mei in 18-jierrige Bitgumer.

Portiers ha dêrop beide jongens út de saak set. De 17-jierrige wie dêroer sa lulk dat er fuortdaliks yn begûn te huffen op de Bitgumer. De fertochte is oanholden en hat de nacht trochbringe moatten yn in plysjesel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)