Mishanneling yn feesttinte

© Omrop Fryslân
In 19-jierrige Marsumer is yn de nacht fan sneon op snein yn syn wenplak oanholden foar mishanneling. De jonge soe yn de feesttinte in 27-jierrige plakgenoat mei in izeren staaf slein ha. Dy hie de 19-jierrige krekt oansprutsen op syn gedrach.
Dy pikte dat net en helle út mei de staaf en ferwûne it slachtoffer dêrby oan syn holle. Befeiligers ha de man oanholden en oerdroegen oan de plysje. It slachtoffer is yn de feesttinte behannele oan syn ferwûnings.