Man oanholden foar bedriging

14 sep 2008 - 13:03

In ynwenner (27) fan Bitgummole is yn de nacht nei snein yn Ljouwert oanholden foar bedriging. De man stapte op It Saailân yn in taksy en frege de sjauffeur nei De Weaze te riden. Doe't er dêr oankaam stapte er út en ried er sûnder te beteljen fuort yn syn eigen auto.

Nei in efterfolging troch de plysje stapte de Bitgummolener op De Weaze wer út en gie er de kroech yn. Doe't de sjauffeur en de plysje ferhaal hellen, bedrige er de taksysjauffeur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)