Rekkendei foar dosinten

© Omrop Fryslân
Underwiisbegeliedingstsjinst Cedin hâldt woansdei yn Ljouwert foar de twadde kear in regionale rekkendei foar dosinten. 250 learkrêften út it basisûnderwiis kinne dan mei eigen eagen sjen hoe aardich rekkenjen op skoalle wêze kin.
Cedin organisearret dizze dei omdat de rekkenprestaasjes fan learlingen de lêste jierren te winskjen oerlit. Ferskate saakkundigen lizze út hoe't in learaar learlingen begeliede moat by it oplossen fan rekkensommen.