Lieuwe Westra op poadium

13 sep 2008 - 20:08

Lieuwe Westra is sneon tredde wurden yn de 'Omloop van Schokland'. De hurdfytser fan Mûnein soarge derfoar dat yn de finale fan de 182 kilometer lange klassiker de kopgroep útinoar riden waard. Sa waard syn ploechmaat Fulco van Gulik yn stelling brocht om it yn de einsprint ôf te meitsjen.

Dat ploegespul slagge. Van Gulik koe yn Emmeloard de hannen yn 'e loft stekke. Marco Bos waard twadde, Lieuwe Westra tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)