Snits wie selsfoarsjennend

13 sep 2008 - 17:17

Snits wie yn de betide midsieuwen selsfoarsjennend. Dat is ien fan de konklúzjes dy't argeologen lûke út fynsten dy't dien binne op it plak fan de Rabobank yn Snits. Doe't de bank dêr nijboud waard is yn de bouput de op twa nei grutste learfynst ea dien. Ek waarden der in soad potten en bonken fan bisten werom fûn.

Neffens de argeolooch jouwe de fynsten in moai byld fan it libben doe, der waard hannele, se bewurken har eigen klean en slachten sels de bisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)