Blokhúspoarte kultuerbolwurk

13 sep 2008 - 15:35

De gemeente Ljouwert wol gong sette achter de plannen om in kultureel bolwurk te meitsjen fan âlde finzenis de Blokhúspoarte. Dat is mooglik no't de Ryksgebouwetsjinst meldt it gebou net te ferkeapjen. Wethâlder Bleize neamt de finzenis in ideale lokaasje as festivalterrein foar bygelyks it Frysk Festival.

Foar it earst sûnt 22 jier wie de âlde finzenis iepen foar publyk. Op de iepen monumintedei kamen 18.000 minsken ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)