Ramses Shaffy yn Dokkum

13 sep 2008 - 13:35
  • Ramses Shaffy treedt net faak mear op
  • Hy ymprovisearde ek in nûmer oer Dokkum

Ramses Shaffy hat freed mei in feestlik optreden it nije teater fan Dokkum iepene. It teater, Dok18, hie Ramses Shaffy útnoege, mar it wie noch efkes spannend, want Ramses fielde him net goed en woe eins net optrede.

Mar om even nei njoggenen kaam er it poadium op. Hy song in pear fan syn bekende nûmers en in ymprofisearre liet oer Dokkum. De 300 gasten hiene in ferrassende jûn, want de 75-jierrige Ramses Shaffy treedt net faak mear op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)