Schuil/Nummerdor: heale finale
Beachvolleyballer Richard Schuil fan Ljouwert stiet mei syn maat Reinder Nummerdor yn de heale finale fan it toernoai yn Blackpool.
It Nederlânske duo wûn sneon mei 31-29 en 21-17 fan it Dûtske duo David Klemperer en Eric Koreng. De heale finale wurdt sneontejûn spile, de tsjinstanner is noch net bekend.