Ferwûne troch parkearrûzje

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is freed in man ferwûne rekke nei spul oer in parkearplak. It slachtoffer, in ynwenner (54) fan de haadstêd, woe syn auto parkeare op syn eigen parkearplak. Mar dêr stie al in auto. De Ljouwerter sette syn auto achter de parkearde auto.
Nei in oere kaam de oare bestjoerder werom. Yn de diskusje dy't ûntstie krige de Ljouwerter in karatetraap tsjin 'e earm. De dieder naaide út. It slachtoffer hat it kenteken oan de plysje trochjûn.