Sintrum Bûtenpost opknapt

© Omrop Fryslân
De grutte opknapbeurt fan it winkelsintrum yn Bûtenpost is klear. Freed waard it fernijde sintrum iepene troch Boargemaster van der Zwan fan Achtkarspelen. De gemeente stuts mear as in heal miljoen euro yn it opknappen fan foaral de Tsjerkestrjitte. Dy lei der fertutearze by.
It nije uterlik fan de strjitte moat mear minsken nei de winkels lûke. Sa moat Bûtenpost de konkurrinsje oangean mei plakken as Kollum en Surhústerfean.