Elma de Vries njonken poadium

© Omrop Fryslân
Elma_de_Vries, oarspronklik fan De Haule, hat by de maraton op it WK skeelerjen yn it Spaanske Gijon gjin medalje helle. Se einige krekt njonken it poadium op it fjirde plak.
Yn in massasprint wûn de Kolombiaanske Liana Holguin, foar Sabine Berg en Giovanna Turchiarelli. De froulju diene 1 oere, 11 minuten en 52 sekonden oer de maraton. Dat wie mar ien minút boppe it wrâldrekord fan de Italjaanske Alessandra Susmeli.