Pleatsen better as tocht

© Omrop Fryslân
It bedrach fan ien miljard oan achterstallich ûnderhâld oan Fryske pleatsen dat ferline jier nei bûten kaam, klopt net. It is folle minder. Dat seit direkteur Ab Timmermans fan Hûs en Hiem; de wolstân- en monumintekommisje yn Fryslân.
De monumintewacht kaam ferline jier april op basis fan ûndersyk fan ien miljard nei bûten. Neffens Timmermans hiene der dan bygelyks folle mear sloopoanfragen wêze moatten.