SC Cambuur giet hurd ûnderút

© Omrop Fryslân
Sportklub_Cambuur hat freedtejûn mei 4-1 ferlern fan Helmond Sport. Yn teory hiene de Ljouwerters noch kâns op de earste perioade, mar dy hoop waard al fluch de grûn ynstampt troch Helmond Sport. Binnen it heal oere stie it al 2-0 troch goals fan Dirk-Jan Derksen en Marc Höcher.
Yn de twadde helte skoarde Cambuur fia Marc Mboua de oanslutingstreffer mar de thúsploech makke dêrnei dien wurk. Troch Guus Joppen en Youssef Chida kaam de 4-1 einstân op it skoareboerd.