N31 dit wykein ticht
De Rykswei N31 tusken de Keningsbrêge by Harns en de ôfslach Mullum is it hiele wykein ticht. Fan freedtejûn 20.00 oere ôf oant moandeitemoarn 6.00 oere wurdt de dyk op 'e nij asfalteard.
It ferkear út de rjochting Ljouwert moat omride fia de Westergowei nei Boalsert. Auto's út de omkriten moatte omride fia Frjentsjer.