Fjoerwurkbedriuw moat betelje

Fjoerwurkskea oan blaasynstruminten
In Frânsk fjoerwurkbedriuw moat in flinke skeafergoeding betelje om't tal fan ynstruminten skânsearre binne by de iepening fan it Frysk Festival. De skea rint yn 'e tûzenen euro's.
By de iepening fan it Frysk Festival kamen lytse fjoerwurkdieltsjes op 'e ynstruminten telâne. Sa kamen der allegearre lytse puntsjes en gatsjes op 'e blaasynstruminten. Foaral de korpsen fan Wolvegea en Aldegea hiene in protte skea.