Hannemahûs yn Harns wer iepene

it Hannemahûs is wer iepen foar publyk
Nei in lange restauraasje is freed museum it Hannemahûs yn Harns iepene. In soad Harnzers seagen dat der in foto- en filmstudio bykaam is en in nije eksposysje- en fergaderromte.
Ien fan redenen foar de grutte ferbouwing wie de ûntdekking fan in âlde jeneverstokerij ûnder de flier fan de eksposysjeromte. De oare reden wie de ferhuzing fan it gemeente-argyf. It museum wol 9000 besikers. Ek moat mear dien wurde oan edukaasje fan skoalbern út Harns en omkriten.