Lesterhuis hâldt op by KNVB

12 sep 2008 - 13:02

Hans_Lesterhuis is net werkiesber as foarsitter fan de amateurôfdieling fan de KNVB. De âld-boargemaster fan Eaststellingwerf hâldt ein novimber nei tolve jier op mei syn funksje by it fuotbalbûn. Lesterhuis hat it wurk dan fjouwer kear trije jier dien.

Fanút de sportkoepel NOC*NSF is earder dit jier oanjûn dat it winsklik is dat in bestjoerder net langer as fjouwer perioades diel útmakket fan in bûnsbestjoer. Lesterhuis hâldt him dêr no oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)