Kofjehûs Reduzum yn top 10

Kofjehûs De_Blauwe_Tinte yn Reduzum mei him ien fan de bêste snackbars neame fan Nederlân. Yn in boek Patatje Oorlog, dat topkok Pierre Wind en kabaratier Bart Chabot skreaun ha, stiet de Blauwe Tinte op it 10de plak.
Yn it troch Wind en Chabot ûntwikkele stjerresysteem krijt it kofjehûs ien stjer. Eigner Egge Huistra is ferrast. De snackbartest is in alternatyf foar de Michelingids. Mar trije snackbars ha mear stjerren. De bêste sit yn Scheveningen, de minste yn Meppel.