Relaasje Omrin opnij besjen

Relaasje mei Omrin besjen as oven komt
Frjentsjerteradiel wol de saaklike relaasje mei ôffalferwurker Omrin opnij besjen as de ôffalsintrale boud wurdt by Harns. Dat sei wethâlder Miedema yn de gemeenteriedsgearkomste. Hy reagearre dêrmei op de PvdA.
De PvdA wol de relaasje mei Omrin ferbrekke om't se in smoarge ôffaloven bouwe soene mei ôffal dat oeral weikomt. Ek fynt de PvdA dat der opholden wurde moat mei de bouplannen fan de oven om't der in beslút nommen is op basis fan ferkearde ynformaasje.