Striid oer plak regiokantoar

Atsma: Drachten is gaadlik plak
Der liket no al striid te ûntstean oer de fêstiging fan in grut regiokantoar fan in nije rykstsjinst yn Fryslân. De nije tsjinst moat ûntstean út de fúzje fan de Voedsel en Waren Autoriteit, de Algemiene Ynspeksjetsjinst en de Planten Ziektekundige Dienst.
It CDA Twadde-Keamerlid Joop Atsma fynt Drachten in hiel gaadlik plak foar sa'n kantoar. De provinsje kiest yn earste oanset lykwols foar Ljouwert.