Trochbraak yn syktocht Lutine
Der is mooglik in trochbraak yn it ûndersyk nei it ferdwûne goudskip de Lutine. Yn opdracht fan de Harnzer toskedokter Ane Jan Duijf wurdt in wurkeilân boud, dat de kommende dagen nei it wrak fan de Lutine brocht wurdt. Op dat eilân komt in grutte mammoetkraan te stean. Duijf hat de bergingsrjochten.
De Lutine is yn 1799 yn in stoarm by Flylân sonken mei in grutte lading sulver en goud. Der wurdt al mear as 200 jier socht nei de lading.