Ynbraakbylden op ynternet

11 sep 2008 - 17:38

De eigner fan in supermerk yn Gytsjerk hat de befeiligingsbylden fan in ynbraak yn syn winkel op ynternet setten. De ûndernimmer hat dat dien om´t er skjin_syn_nocht_hat fan stellerij yn syn saak. De skea rint yn de tûzenen euro´s.

It is net ferbean om de bylden op ynternet te setten, mar it Iepenbier Ministearje advisearret minsken om net foar eigen rjochter te spyljen. It lêste nijs is dat de dieder yntusken oppakt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)