Les oer seks en ynternet

11 sep 2008 - 17:32

Helporganisaasje Fier Fryslân set oer in moanne út_ein mei foarljochting op skoallen oer seks op ynternet. It komt hieltyd faker foar dat jongeren te krijen hawwe mei seksuele yntimidaasje fia de kompjûter. Dat fernimme se op in soad skoallen yn Fryslân.

Om´t der noch in soad fragen binne wolle dosinten der graach mear oer witte. Fier_Fryslân tinkt dat de gefaren fan ynternet ûnderskat wurden. Der hawwe har al tsientallen skoallen oanmelden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)